Hohenlohekreis
Hohenlohekreis | ||
Emblemen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 115.063 (2022) | |
Oerflak | 776,76 km² | |
Befolkingsticht. | 148 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Stuttgart | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Allee 17 74653 Künzelsau | |
Koördinaten | 49° 16' N 9° 41' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 16 gemeenten | |
Kenteken | KÜN, ÖHR | |
NUTS-koade | DE119 | |
Kreiskaai | 08 1 26 | |
Webside | hohenlohekreis.de |
Hohenlohekreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Hohenlohekreis hat in oerflak fan 776,75 km².
Hohenlohekreis ûntstie yn 1973 troch it gearfoegjen fan 'e eardere lânkringen Öhringen en Künzelsau. De namme ferwiist nei de foarstedommen fan it laach Hohenlohe, dy't oant 1803 in grut part fan it gebiet fan 'e hjoeddeiske lânkring besiet.
Stêden en gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e lânkring Hohenlohekreis lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | Gemeenten |
---|---|
Gearwurkingsferbannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn Hohenlohekreis binne:
- Hohenloher Ebene (Kupferzell, Neuenstein, Waldenburg)
- Kochertal (Forchtenberg, Niedernhall, Weißbach)
- Krautheim (Dörzbach, Krautheim, Mulfingen)
Gemeindeverwaltungsgemeinschaften yn Hohenlohekreis binne:
- Künzelsau (Ingelfingen, Künzelsau)
- Öhringen (Öhringen, Pfedelbach, Zweiflingen)
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Hohenlohekreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |