Esslingen (Landkreis)
Lânkring Esslingen | ||
Emblemen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 540.226 (2022) | |
Oerflak | 641,28 km² | |
Befolkingsticht. | 842 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Oar | ||
Koördinaten | 48° 44' N 9° 18' E | |
Oprjochting | 1938 | |
Yndieling | 44 gemeenten | |
Kenteken | ES, NT | |
NUTS-koade | DE113 | |
Kreiskaai | 08 1 16 | |
Webside | landkreis-esslingen.de |
Esslingen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard oprjochte yn 1938.
Stêden en gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stêden |
---|
Gemeenten | |
---|---|
Gearwurkingsferbannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Verwaltungsgemeinschaften binne:
- Kirchheim unter Teck (mei de gemeenten Dettingen unter Teck, Kirchheim unter Teck, Notzingen)
- Neuffen (Beuren, Kohlberg, Neuffen)
- Nürtingen (Frickenhausen, Großbettlingen, Nürtingen, Oberboihingen, Unterensingen, Wolfschlugen)
- Weilheim an der Teck (Bissingen an der Teck, Holzmaden, Neidlingen, Ohmden, Weilheim an der Teck)
Gemeindeverwaltungsverbände binne:
- Lenningen (Erkenbrechtsweiler, Lenningen, Owen)
- Neckartenzlingen (Altdorf by Nürtingen, Altenriet, Bempflingen, Neckartailfingen, Neckartenzlingen, Schlaitdorf)
- Plochingen (Altbach, Deizisau, Plochingen)
- Reichenbach an der Fils (Baltmannsweiler, Hochdorf by Plochingen, Lichtenwald en Reichenbach an der Fils)
- Wendlingen am Neckar (Köngen, Wendlingen am Neckar)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Esslingen, ferzje 27 maaie 2024.
|
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |