Wynlust (Wolvegea)

Ut Wikipedy
Wynlust yn Wolvegea

De Wynlust is in wynmole en ryksmonumint yn Wolvegea út 1888. Dêrfoar wie de mole in wettermole yn Mijdrecht. De stellingmole is in achtkante boppekruier en hat as funksje nôtmole, dêryn is de mole de grutste fan Nederlân. Troch de jierren hinne rekke de mole wat yn ferfal, yn 2005 die bliken dat de bûnte kjifkrobbe aardich warber wie. Dêrnei waard útein set mei de restauraasje fan de mole. Begjin maaie 2011 wie de mole klear en waard in wike letter offisjeel iepene.

De mole is teffens ynrjochte as âldheidkeamer. Hjir wurde âlde gebrûksfoarwerpen fan ferskate ambachten en foto's oer de skiednis fan Wolvegea en omkriten tentoansteld.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: