Westlân (krite)

Ut Wikipedy
Westlân
Westland
Loftfoto fan de kassen
Loftfoto fan de kassen
emblemen
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
Kaart
Westlân (Nederlân)
Westlân
Lokaasje yn Súd-Hollân.
kaart
Loftfoto fan de kassen
Dizze side giet oer de krite. Foar de gemeente mei deselde namme, sjoch: Westlân (gemeente).

It Westlân (Nederlânsk: Westland) is in krite yn it westen fan de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It gebiet leit rûchwei noardlik fan de Nije Wetterwei, súdlik fan De Haach, eastlik fan Hoek fan Hollân en westlik fan Delft.

Sûnt 2004 is Westlân ek de namme fan ien grutte gemeente yn it gebiet. Fierder omfiemet de krite de gemeente Midden-Delflân en de kearn Hoek fan Hollân, dy't part fan de gemeente Rotterdam is. Loosduinen, in stedsdiel fan De Haach, is in earder Westlânsk túnkersdoarp, waard lykas it Waterinske fjild troch De Haach anneksearre.

It Westlân is ferneamd om syn glêstúnbou. De krite hat dan ek de bynamme de Glêzen Stêd.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Westlân is ôflaat fan de westlike ambachten fan it Hoogheemraadschap Delfland (it wetterskip Delflân). Dy westlike ambachten omfieme njonken it glêstúnbougebiet ek Rijswijk, Foarburch en Flaardingerambacht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Westlân waard al foar de Romeinske tiid bewenne. Fynsten lykas skerven fan ierdewurk binne dêre fûn. Ek de stjustere lagen yn 'e boaiem wize op it gebrûk fan dongstoffen.

Gauris strûpte it Westlân oan it begjin fan de jiertelling ûnder wetter, dêr't der fan de kust ôf kreken troch ûntstiene. Dy sliken stadichoan wer tich dêr't dan bewenning mooglik troch wie. Letter foarmen dêr nije reken troch oerstreamings, lykas de Gantel, dy't súdlik fan Monster begjint en by Poeldijk en Wateringen del streamt. Troch oerstreamings waard der in laach klaai ôfset dy't wol oant in oardel meter tsjok wie. Dy klaailaach, dêr't bewenning mooglik op wie, wie yn de trijehoeke Monster-Delft-Maaslûs. Dêrbûten waard op lytse terpkes libbe. Op oare plakken waarden diken oanlein ta beskerming tsjin it wetter. Dy diken tsjinnen as ferbiningsdiken tusken oare delsettings en dêr waard ek op wenne. Doarpen lykas Poeldijk, Honselersdijk, Wateringen en De Lier ûntstiene op dy manier.

It lânoanmeitsjen koe begjinne doe't de âlde Maasdyk oanlein waard. Doe't it wetterskip Delflân n 1289 oprjochte waard, leine yn de Westlânske krite al swiere diken.

Letter waard ek de Gantel bedike, om't dy noch altyd yn ferbining mei de see stie. Yn de 12e iuw wie it bedykjen om 's-Gravenzande dien. Yn de folgjende iuwen waard de rest fan it gebiet bedike. Yn it westlân hie de famylje Van Wassenaar (Van Duivenvoorde en Van Polanen) in soad hearlike rjochten. Troch boeren moasten tsienden oan harren ôfdroegen wurde.

Túnbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere túnbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de ôfwikseling fan drûge sângrûn en swiere klaai wie it Westlân net gaadlik foar túnbou. Troch it geunstige klimaat koe yn 'e midsiuwen yn 'e iepen loft druven ferboud wurde tsjin de sinnekant fan saneamde druvemuorren, dy't beskerming tsjin kâlde en hurde wyn bea. It sân fan de strânwâl waard brûkt en ferbetterje de boaiemkwaliteit fan de fean- en klaaigrûn. Druven waarden benammen ferboud troch in kleaster op in wyngert by 's-Gravenzande. Yn 'e jierren dêrnei wiene der wyngerts by bûtenpleatsen en stinzen fan eallju.

Yn dy snuorje wiene ikkerbou en feehâlderij de wichtichste boarnen fan libjen. Grienten en fruit wie weilein foar allinnich de gegoede stedslju en it ûntjaan fan túnbou wie ynearsten by stêden en noch net yn it westlân. Yn 'e rin fan de 16e iuw ferbetteren de omstannichheden en naam it ferbouwen fan fruit ta yn de lettere túnbougebieten lykas it Westlân en yn West-Fryslân yn De Streek en by Broek op Langedyk.

Troch syn lizzing oan 'e kust en by wetterwegen soarge it foar relatyf hege temperatueren winterdeis, itjinge foardielich wie foar de túnbou, om't kâns op skea by nachtfroast frij lyts wie. Ek koene produkten fluch oer it wetter ferfierd wurde nei de neier lizzende waaksende stêden, d►r't de fraach nei túnbouprodukten tanaam. De sleatten yn 't gebiet soargen foar it ôffieren fan oerstallich wetter nei see en yn drûge tiden wie der altyd jitwetter ta beskikking. Yn 'e 17e en 18e iuw woeks de túnbou fierder út en yn de rin fan de 18e iuw wie de túnbou útwoeksen ta in spesialisearre bedriuwstakke yn griente en fruit dêr't it ôfsetgebiet troch de omlizzende stêden De Haach, Delft en Rotterdam fan foarme waard. De lânbou en feehâlderij wiene lykwols nocht de wichtichste middels fan bestean.

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 19e iuw begûn de túnbou yn it Westlân op grutte skaal. Benammen druven en iere ierdappels wiene popuêr. In soad fan de opbrochte fruchten waarden eksportearre nei it Feriene Keninkryk en letter nei Dútslân. Druvesoarten en oare fine fruitsoarten waarden bûtendoar ferboud op lytse fjouwerkante stikjes lân omkrongen troch sleatten. De stikjes lân wiene te berikken oer smelle rinpaadsjes bylâns de sleatten en oer rinbrechjes (kwakels neamd). Om genôch dong te bemachtigjen, waarden bargen holden. Hja waarden mei griente- en túnôffal fuorre. Dêrnjonken waard grûn ferbettere troch it oankeapjen fan dong fan feehâlders yn 'e omkriten. Benammen út 'e omkriten fan Skiedam dêr't it fee mei jiskeprodukten fan de jeneverstokerijen fuorre waard. Oare dongstoffen wiene minsklike trochgong en húskeguod út 'e stêden en sleatbagger út 'e sleatten dy't mei beamblêden mjukse waard, itjinge in goede dongstof foarme.

Omreden de lânboukrisis fan 1880 yn West-Jeropa waard nei oare tylten en ferkeapmetoaden socht. Túnkers begûnen gebrúk te meitsjen fan glês fooar it ferbouwen fan griente en fruit, dêr't de druvemuorren stadichoan troch ferdwûnen. In nije ferkeapmetoade wie it feilen fan produkten.

Glêstúnbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kassen waarden al sûnt de 18e iuw by guon bûtenpleatsen yn gebrûk, mar yn de 19e iuw waard oergien op om glêzen ruten te setten tsjin de druvemuorren om de druven tsjin min waar yn 'e neisimmers te beskermjen, dy't it rypjen fersteure koe. Boppedat koe it tiid fan it rypjen ferkoarte wurde. Dêrmei waard de moderne glêstúnbou yntrodusearre. Ferskate soarten kassen latren lang om let ta de moderne kas. Yn 'e snuorje fan justjes nei 1900 waard de kas op grutte skaal yn it Westlân yntrodusearre, dat folslein fan uterlik feroare. Yn 'e rin fan 'e tiid waard trijefearns fan it túnbougebiet mei kassen bedutsen.

De druvetylt naam tige by tige ta, mei in hichtepunt yn 1939 doe't 17.500 ton produsearre waard, mar stoarte nei de Twadde Wrâldkriich yn omreden Súdjeropeeske lannen druven folle foardieliger leverje koene. As ferfanging kaam it ferbouwen fan slaad, tomaten, komkommers op e doe waarden der yn it Westlân noch mar in bytsje druven ferboud. Sûnt de 1960-er jierren waard it ferbouwen fan snijblommen hieltyd wichtger. Dy produkten wiene ynearsten ornearre foar de eksport.

It Westlân is hjoed-de-dei in woltierige en ynnovative krite, benammen troch it flugge ûntjaan fan de agribusiness. Dêr ûntsteane in soad nije techniken om better as túnbedriuw te funksjonearjen, fan de tichte kas ta de kabriokas. It glêstúnbougebiet, de Glêzen Stêd, is benammen yn 'e gemeente Westlân, dêr't der yn 'e gemeente Midden-Delflân de feehâlderij oerhearsket.

Dialekt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westlânske dialekten falle ûnder de Súdhollânske dialektegroep. Hja hawwe oerienkomsten mei it Haachsk en Rotterdamsk, mar ferskille dêr ek wol wer dúdlik genôch fan, troch bygelyks de rôljende r, ynstee fan de brou-r út 'e stêden wei. Boppedat bewarje se âlde Hollânske taaleigen, lykas mutaasjes fan koarte fokalen (mos nl mus, "mosk, orrete nl erwten "earten") en wurden dy't n 'e standerttaal âldfrinzich binne (aanstonds nl straks strak/skielk/aansten, eerdaags nl binnenkort "meikoarten"). Dy skaaimerken lykje op noch âldere Hollânske dialekten lykas it Skeveningsk en Katwyksk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part fande hjoeddeistige of in âldere ferzje fan de Nederlânske side. Sjoch foar de boarnen en de bewurkingskiednis op nl:Westland (Nederlandse streek)