The Hate U Give (film)

Ut Wikipedy
The Hate U Give
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Tillman jr.
produsint Marty Bowen
Wyck Godfrey
Robert Teitel
George Tillman jr.
senario Audrey Wells
basearre op de roman fan Angie Thomas
kamerarezjy Mihai Mălaimare jr.
muzyk Dustin O'Halloran
filmstudio Fox 2000 Pictures
Temple Hill Entertainment
State Street Pictures
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Amandla Stenberg
Russell Hornsby
Regina Hall
byrollen Lamar Johnson
T.J. Wright
Common
Anthony Mackie
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 oktober 2018
foarm langspylfilm
sjenre jeugddramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $34,9 miljoen

The Hate U Give is in Amerikaanske drama-, jeugd- en coming-of-agefilm út 2018 ûnder rezjy fan George Tillman jr., mei yn 'e haadrollen Amandla Stenberg, Russell Hornby en Regina Hall. De titel betsjut "De Haat Dy'tst Jouste", wêrby't "U" in fonetyske stavering is fan it wurd You. It is in ferwizing nei de histoaryske rapformaasje mei de namme Thug Life (19931995), dy't neffens foaroanman Tupac Shakur in ôfkoarting wie foar "The Hate U Give Little Infants Fucks Everybody" ("De Haat Dy'tst Lytse Bern Bybringst Ferkloatet it foar Eltsenien"). De film is basearre op 'e roman foar jongfolwoeksenen mei deselde namme fan Angie Thomas. It ferhaal folget de yntelliginte Starr Carter, in Afro-Amerikaansk famke út in earme swarte wyk dat leart oan in goede middelbere skoalle yn in rike blanke wyk. Hja libbet sadwaande yn twa ferskillende wrâlden. Wannear't har freon Khalil by in ferkearskontrôle troch in blanke plysjeman deasketten wurdt wylst sy njonken him yn 'e auto sit, set de neisleep fan dat foarfal har libben op 'e kop. The Hate U Give waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Fan 'e filmkritisy krige de film suver unanym lof taswaaid. Yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Starr Carter is in sechstjinjierrich Afro-Amerikaansk famke dat mei har heit Maverick, har mem Lisa, har âldere healbroer Seven en har jonger broer Sekani yn Garden Heights wennet, in swarte efterstânswyk dy't behearske wurdt troch de strjitbinde de King Lords. Se folget lykwols middelber ûnderwiis oan in priveeskoalle yn 'e rike, foar it meastepart blanke wyk Williamson. Har heit is in grutske man dy't in buertwinkel hat. Hy bringt syn bern by dat se har nea skamje moatte foar harren komôf, mar hy wol harren lykwols al in sa goed mooglik bestean jaan. De grûnslach dêrfan wurdt foarme troch goed ûnderwiis, wat yn Garden Heights net te besetten is. Starr libbet sadwaande yn twa folslein ferskillende wrâlden fan thús, dêr't se swart is, en skoalle, dêr't se har oanpasse moat oan 'e dominante blanke kultuer. Se hat ferkearing mei de blanke Chris, eat dat se oan har mem ferteld hat, mar geheim hâldt foar har heit. In brêge tusken har beide wrâlden wurdt foarme troch har omke Carlos, de broer fan har mem, dy't plysjeman is en út Garden Heigths komt, mar yn Williamson wennet.

Nei't der op in feestje dêr't Starr oanwêzich is, in pistoal ôfsketten wurdt, beslút se te sjen dat se thúskomt. Se kriget in lift fan har freon Khalil Harris, in swarte jonge út 'e buert mei wa't se opgroeid is en mei wa't se jierren earder har earste tút útwiksele hat. Underweis nei hûs wurde se oanholden troch in plysjeman om't Khalil de rjochtingoanwizer net oan hie doe't er fan riidbaan feroare. As de plysje sjocht dat der in swarte jonge efter it stjoer sit, wurdt er fijannich en snaut er befellen oan Khalil, lykas dat dy it rút omleechdraaie en de autoradio útdwaan moat. Ynstee dat Khalil docht wat him sein wurdt, giet er mei de plysjeman yn diskusje, mei as resultaat dat er út 'e auto bonsjoere wurdt. De plysje jout Khalil opdracht om tsjin 'e auto oan stean te bliuwen, mei de hannen op it dak, wylst er it rydbewiis fan 'e jonge kontrolearret. Khalil linet foaroer om te sjen hoe't it mei Starr is, en rikt dan mei in hân troch it iepensteande rút fan it portier oan 'e bestjoerderskant om syn hierboarstel te pakken. De plysjeman, dy't fuortendaliks mient dat Khalil nei in pistoal grypt, sjit him sûnder pardon dea. Wylst in gûlende Starr om har freon rouwet, beseft de plysjeman ta syn skrik dat der gjin wapens yn 'e auto binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De dea fan Khalil komt lanlik yn it nijs. It liedt yn Garden Heights ta demonstraasjes tsjin plysjegeweld en rasisme en feroarsaket gâns sosjale ûnrêst. Yn Williamson helje de measte minsken de skouders deroer op, en foar Starr har klasgenoaten is it demonstrearjen tsjin plysjegeweld benammen wichtich as maatskiplik akseptearre reden om in middei net nei skoalle te hoegen. De identiteit fan Starr as tsjûge wurdt yn 't earstoan geheim holden foar eltsenien útsein har famylje. Dêrtroch hawwe Starr har freontsje Chris en har skoalfreondinnen Hailey Grant en Maya Yang gjin idee dat sy persoanlik by de sjitpartij belutsen is. It bewarjen fan har geheim weaget swier op Starr har skouders, en de folslein ferskillende reäksjes dy't de dea fan Khalil opropt yn Garden Heights en yn Williamson makket foar har de kleau dúdlik dy't der tusken de beide plakken bestiet. It begjint har swier te fallen om 'e ferskillende persoanen, dy't se yn 'e beide plakken wêze moat, útinoar te hâlden.

De abbekate en minskerjochte-aktiviste April Ofrah, dy't troch Starr har âldelju foar juridysk advys by de saak belutsen wurdt, trunet Starr oan om in fraachpetear te jaan op 'e nasjonale tillefyzje. Har âlden fiele dêr neat foar en fral har mem is der bot op tsjin. Mar Starr hat it gefoel dat se har freon Khalil leagenje soe as se har stil hâldt, dat se stimt yn mei it foarstel. By it ynterview wurdt Starr yn it tsjuster set om har identiteit geheim te hâlden. Se fertelt earlik en iepen wat der bart is en neamt ek de King Lords as de binde dy't it yn Garden Heights foar it sizzen hat, om't Khalil troch de King Lords twongen wie om drugs foar harren te ferkeapjen. It is foar de bindeleden net dreech om út te finen wa't der by it ynsidint by Khalil yn 'e auto siet, en nei de útstjoering fan it fraachpetear begjinne se Starr en har famylje te bedriigjen. Dat nimt al rillegau sokke foarmen oan, dat de hiele húshâlding Garden Heights ûntflechtsje moat om ûnderdak te sykjen by omke Carlos.

Omke Carlos wie in soarte fan plakferfangende heit foar Starr doe't har echte heit Maverick trije jier yn it tichthûs siet foar in misdie dy't er net begien hie. Maverick wie nammentlik yn dy tiid by de King Lords en woe derút. Troch skuld te bekennen en sa de bindelieder, King, te beskermjen tsjin finzenisstraf, wist er dyselde safier te krijen dat dy him gean liet. Neitiid iepene Maverick in buertwinkel dêr't er wurket mei syn âldste soan Seven. De ûnmeilydsume King, foar wa't eltsenien yn 'e wyk spûkbenaud is, wennet no gear mei Seven syn mem Iesha en Seven syn jongere healsusters Kenya en Lyric. Kenya is de bêste freondinne fan Starr. Eangst foar de King Lords makket dat de ynwenners fan Garden Heights nea meiwurkje oan plysje-ûndersiken, wat de erchtinkendheid tusken de bewenners en de plysje fuortsterket.

Nei't in plysjeman Starr har stim út it tillefyzjeynterview weromken as de stim fan 'e geheime tsjûge fan 'e dea fan Khalil Harris, is it hielendal dien mei har geheim. Se moat tsjûgje foar in ûndersykssjuery om te bepalen oft de plysjeman dy't Khalil deasketten hat, foar syn die ferfolge wurde sil. Mei wolsprekkendheid en blyk fan emoasje jout Starr by dat tsjûgenis alles dat se hat, yn it folste fertrouwen dat de ûndersykssjuery ta de juste konklúzje komme sil en de plysjeman ferfolgje litte sil. Underwilens bekuollet de freonskip tusken Starr en de blanke Hailey, dy't ta ûntsteltenis fan Starr oangeande de dea fan Khalil fral meilibbet mei de yn opspraak rekke plysjeman. It duorret in skoftke ear't har oare freondinne Maya in miening foarme hat, mar dan kiest se de kant fan Starr. Har freontsje Chris wol der graach foar Starr wêze en har by alles stypje, mar sy hâldt him sels op in ôfstân om't se har beide wrâlden net trochinoar helje wol. Lang om let twingt Chris lykwols in moeting mei har âlden ôf, dy't ridlik goed ferrint, yn acht nommen dat Starr har heit pas op dat stuit foar it ferstân kriget dat syn dochter ferkearing mei in blanke jonge hat.

Ta Starr har ferbjustering en fertriet beslút de ûndersykssjuery dat de plysjeman dy't Khalil deasketten hat, gjin blaam treft en dat er net ferfolge hoecht te wurden. As dat nijs yn Garden Heights bekend wurdt, ûntstiet der by it pleatslike plysjeburo spontaan in demonstraasje. Starr, wa har fertriet omslacht yn razernij, sprekt de mannichte ta en makket harsels no iepentlik bekend as de tsjûge fan 'e moard op Khalil. Se ropt de lju op om hoek te hâlden yn harren protesten. De autoriteiten reägearje op 'e freedsume demonstraasje mei de ynset fan 'e oproerplysje dy't de minskemannichte mei triengas en pânserfiertugen útinoar besiket te driuwen. Dêrtroch rint de boel út op in gewelddiedige opskuor.

Starr en Seven moatte sjen dat se fuortkomme en krije fan in pear freonen fan harren heit in lift nei syn winkel. As se dêr beskûl sykje, set bindelieder King de foarein fan it gebou mei in molotovcocktail yn 'e brân om Starr te deadzjen foar har tillefyzjeynterview en meiwurking mei it plysje-ûndersyk oer de dea fan Khalil, wat er beide beskôget as ferrie en heulen mei de fijân (de plysje). Om't de efterdoar foar de nacht op 't op 't slot sit, kinne Starr en Seven der net út. Inkele oare winkellju, dy't har saken yn deselde strjitte hawwe, warskôgje Maverick, dy't krekt op 'e tiid mei de kaai arrivearret om 'e beide bern te rêden. Dêrnei driget in konfrontaasje tusken Maverick en King út te rinnen op geweld, mar de plysje arrivearret foar't dat syn beslach krije kin. Starr har jongere broer Sekani, dy't mei Maverick kommen wie en alhiel oerstjoer is, grypt op in ûnbewekke momint in pistoal en rjochtet dat gûlendewei op King. De plysjes lûke harren wapens en drige him del te sjitten. Starr beseft dan ynienen dat se betize rekke is yn in fisieuze sirkel fan haat dy't hieltyd wer nije haat opropt. Se nimt de beslissing om dy rûngong te trochbrekken troch de plysje te helpen en de sitewaasje del te bêdzjen.

Nei't alle ûntstjoer foarby is, docht bliken dat it deabaarnen fan in pear bern sels de ynwenners fan Garden Heights te fier giet. Diskear tsjûget eltsenien dy't wat fan it ynsidint sjoen hat tsjin King, dy't foar tsientallen jierren it tichthûs yn draait. Starr giet fierder mei har libben. Op skoalle is se net mear befreone mei Hailey, mar har bân mei Maya en Chris hat, no't dy har echt kenne, folle mear djipgong krigen. Starr besiket de dea fan Khalil in plakje te jaan en de oantins oan him te bewarjen troch har as aktiviste yn te setten tsjin rasisme en diskriminaasje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amandla Stenberg.
Russell Hornby.
Regina Hall.
haadrollen
personaazje                                 akteur/aktrise
Starr Carter Amandla Stenberg
Maverick Carter, Starr har heit Russell Hornsby
Lisa Carter, Starr har mem Regina Hall


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Seven Carter, Starr har âldere healbroer Lamar Johnson
Sekani Carter, Starr har jongere broer T.J. Wright
omke Carlos Common
King Anthony Mackie
April Ofrah Issa Rae
Chris Bryant, Starr har ferkearing K.J. Apa
Hailey Grant, Starr har skoalfreondinne Sabrina Carpenter
Maya Yang, Starr har skoalfreondinne Megan Lawless
Kenya, Starr har bêste freondinne Dominique Fishback
Khalil Harris Algee Smith
Iesha Karan Kendrick

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hate U Give waard regissearre troch George Tillman jr. nei in senario fan Audrey Wells op basis fan in roman foar jongfolwoeksenen fan Angie Thomas út 2017, dy't ek The Hate U Give hiet. As produsinten wiene Tillman, Marty Bowen, Wyck Godfrey en Robert Teitel by it projekt belutsen foar de filmstudio's Fox 2000 Pictures, Temple Hill Entertainment en State Street Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $23 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mihai Mălaimare jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dustin O'Halloran. De opnamen foar The Hate U Give setten op 12 septimber 2017 útein en duorren oant en mei 4 novimber fan dat jier. Se fûnen hielendal plak op lokaasje yn Atlanta. Reshoots waarden holden yn april 2018.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Hate U Give waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op 7 septimber 2018 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. The Hate U Give gie dêrnei op 5 oktober fan dat jier yn yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 oktober 2018 by platemaatskippij Def Jam Recordings. The Hate U Give kaam op 8 jannewaris 2019 beskikber as digitale download en waard op 22 jannewaris dat jiers útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Hate U Give oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone de film 4 fan 4 stjerren. Hy neamde it "in útsûnderlike ferfilming" en woe ek hawwe dat it "ûnmooglik [is] om 'e strieljende aktearprestaasje fan Stenberg genôch te priizgjen". Yn it blêd Forbes fûn Scott Mendelson dat de film nominearre wurde moast foar de Oscars foar bêste film, bêste froulike haadrol (Stenberg), bêste manlike byrol (Russell Hornsby) en bêste adaptearre senario.

In seldsume negative resinsje kaam fan Keith Watson fan Slant Magazine, dy't de film mar 2 fan 4 stjerren taparte. Hy skreau: "It yntins relevante ûnderwerp yn acht nommen kin it net oars of de film sil in protte rouwe emoasjes oproppe […], mar Tillman syn anonime rezjy is tefreden mei it simpelwei yllustrearjen fan it senario sûnder it ea ta libben te bringen. Sels sênes wêrfan't it dúdlik de bedoeling is dat se in gefoel fan driging en gefaar oproppe (konfrontaasjes mei de pleatslike binde, in sjitpartij op in feestje) fiele neat rouwer oan as in ôflevering fan [de jeugdtillefyzjesearje] Degrassi."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Hate U Give in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 227 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei yn it foarste plak in trochbraakrol fan Amandla Stenberg bewiist [dizze] rouwe [film] mei klam dat der yn it jongfolwoeksenesjenre romte is foar mear as magy en romantyk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Hate U Give in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 44 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer har ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore, joegen The Hate U Give in seldsume 10 op in skaal fan 1 oant 10.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hate U Give brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $29,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $34,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut dat in winst fan $11,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens The Hollywood Reporter soe 20th Century Fox $30 miljoen oan marketing útjûn hawwe. As dat wie is, levere The Hate U Give de studio eins in ferlies fan $18,1 miljoen op.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hate U Give wûn prizen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons en op it Filmfestival fan Mill Valley. De film waard fierders nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste jonge akteur (Amandla Stenberg), de MTV Movie Award foar bêste filmrol (Amandla Stenberg), de Teen Choice Awards foar favorite dramafilm en favorite aktrise yn in dramafilm (Amandla Stenberg) en de BET Award foar bêste film. De film waard ek nominearre foar fiif NAACP Image Awards. Stenberg wûn dêrby de priis foar bêste aktrise.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.