Rick Brink

Ut Wikipedy
Rick Brink
politikus
echte namme Hendrik Gerrit Brink
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 novimber 1985
berteplak Hardenberg
stjerdatum 11 maaie 2024
stjerplak Hardenberg
partij CDA
Gemeenteriedslid fan Hardenberg
amtsperioade 2014-2019
Fraksjefoarsitter CDA Hardenberg
amtsperioade 2014-2019
Lid Provinsjale Steaten fan Oerisel
amtsperioade 2022-2024
Fraksjefoarsitter CDA Oerisel
amtsperioade 2022-2024

Hendrik Gerrit (Rick) Brink (Hardenberg, 12 novimber 1985 - Hardenberg, 11 maaie 2024) wie in Nederlânsk politikus en minskerjochte-aktivist yn de handicaptebeweging. Hy waard in pleitbesoarger foar in ynklusive maatskippij. Fan 2019 oant 2021 wie er de offisjeuze "Minister van Gehandicaptenzaken".

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brink waard berne mei osteogenesis imperfecta. Hy folge regulier basis- en Fuortset ûnderwiis, en studearre dêrnei bedriuwsadministraasje en management, ekonomy en rjocht.

Brink wie fan 2014 oant 2019 gemeenteriedslid foar it CDA yn de gemeente Hardenberg. Hjirby wie er ûnder oare fraksjefoarsitter. Yn 2018 wie er ien fan de tolve nominearren by de ferkiezing fan it bêste riedslid fan Nederlân. Ien fan syn suksessen wie dat Hardenberg yn 2018 útroppen waard ta de meast tagonklike gemeente fan Nederlân.

Yn 2019 waard hy beneamd ta de earste offisjeuze "Minister van Gehandicaptenzaken", in funksje yn it libben roppen troch televyzjeomrop KRO-NCRV. Yn dizze rol sette er him yn foar de posysje fan minsken mei in handicap, yn it bysûnder foar tagonklikheid fan stêden, in ynklusivere arbeidsmerk en it better regeljen fan beskut wurkjen. Om't it riedslidmaatskip foar him net mear te kombinearjen wie, mei syn wurksumheden as "Minister" hold er yn desimber 2019 op as riedslid en ferliet de gemeenteried fan Hardenberg. Begjin 2021 stopte Brink by de KRO-NCRV as "Minister".

Yn 2020 stelde Brink him kandidaat foar de CDA by de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Hy waard troch de dokumintearre makkers fan 2Doc folge by syn besykjen heech op de list te kommen. Op de konseptlist waard hy op plak 24 delset, Brink luts him dêrop werom, mei om't Lucille Werner, dy't ek opkomt foar de rjochten fan minsken mei in beheining, mar minder politike ûnderfining hie op it tsiende plak delset wie.

Ein 2022 waard Rick Brink listlûker fan it CDA yn de provinsje Oerisel. Hy wie oant syn ferstjerren fraksjefoarsitter foar syn partij yn de Provinsjale Steaten. Brink ferstoar hommels yn syn sliep op 11 maaie 2024, yn 'e âldens fan 38 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy NL