Oerlis:Russyske ynterferinsje yn Europeeske polityk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport, en Brudelman: Wer in artikel fan immen dy't hjir nea fan him hearre lit, mar graach syn boadskip útdrage wol en wiki dêrfoar as in gaadlik poadium beskôget. Eefkes los fan it feit dat it stiiffol fouten sit, giet de skriuwer al te maklik mei yn it fertocht meitsjen fan Euroskeptyske politisy. Dizze saak hat ek yn Nederlân breed yn it nijs west en dêrom is it namste opfallender dat de skriuwer fan dit artikel mar twa boarnen brûkt foar syn ûnderbouwing, en dan ek nochris bûtenlânske. Der wurdt hjir noch al wat skreaun oer politisy, dy't 'nei alle gedachten belutsen' binne by Russyske omkeaping. De boarne deutschlandfunk.de jout lykwols oan dat soks net op in fertinking oan it begjin berêst (it is in reaksje op it berjocht) en dat soks boppedat ek min te bewizen falt. As jo nei 'alle gedachten' wat dien ha binne der net allinne fermoedens, mar is der ek in reële fertinking mei ûnderbouwing. Neffens de neamde boarne fan Deutschlandfunk.de: Wie die tschechische Zeitung Denik N unter Berufung auf Geheimdienstkreise berichtete, soll Bystron im Verdacht stehen, mit dem pro-russischen Propaganda-Netzwerk "Voice of Europe" in Kontakt gestanden zu haben. In Tsjechyske krante skriuwt in artikel en ferwiist dêrby nei rûnten út de Geheime Tsjinst. Dat is frjemd, om 't geheime tsjinsten yn 'e regel net oan media mar oan ministearjes rapportearje, dy't by sokke beskuldigingen in ûndersyk ynstelle kinne (en soks wurdt dan yn 'e regel ek bûten it nijs holden). Noch wûnderliker is dat neffens it Nederlânske regear de Tsjechyske Geheime Tsjinst Nederlân net ynformearre hat (WNL, 1 april 2024), wylst soks wol gebrûklik is. Dêrmei wurdt it noch twifelriediger of it wol kloppet wat dy Tsjechyske krante skreau. Yn tiden fan oarloch is it lestich om neutraal te bliuwen en it earste slachtoffer fan in oarloch is altiten "De Wierheid", oan hokker kant wy ek steane. Nuansearings ferdwine en minsken mei in oare miening oer in konflikt wurde gauris fertocht makke (om't ik gjin foarstanner wie fan 'e oarloch tsjin Irak yn 2003, krige ik it ferwyt dat ik foar Sadam Hoessein wie). It is boppedat faak ek in moaie gelegenheid om mei sokken ôf te weven fanwegen oare stânpunten lykas euroskepsis. Of dat hjir ek spilet wit ik net, mar lit my it sa sizze dat ik by it lêzen dat idee wol krij. Wylst it Tsjechyske berjocht op bewearingen en net op feiten berêst (Side Twadde keamer), neamt it artikel op basis dêrfan in hiele rige nammen fan radikaal-rjochtse politisy. Op 6 maaie skriuwt Politico (de boarne dy't ek de skriuwer fan it stik neamde): Alleged pro-Russian influence operation was seen as an attempt to interfere in the June EU election (Politico, 6 maaie 2024). Op basis fan de noch hieltiten fage berjochten yn in Tsjechyske krante oer fermiende beynfloeding ropt de EU, sûnder dus bewizen en sûnder de ûndersiken ôf te wachtsjen, sanksjes út tsjin de Voice of Europe. En dat ropt wer de fraach op of der oare krêften binne om de útslach fan 'e ferkiezings te beynfloedzjen. Ik tink dat wy der better oan dogge om earst de útkomsten fan rinnende ûndersiken ôf te wachtsjen en stel foar dat Brudelman dan in nij artikel oer de saak skriuwt. Om't dit artikel net yn in neutrale styl skreaun is, de ûnderbouwing te swak is en it stiiffol fouten sit, stel ik út om de side te wiskjen. RomkeHoekstra (oerlis) 8 mai 2024, 10.37 (CEST)[beäntwurdzje]

It earste probleem hjir is dat de ynformaasje oer de saak sa beheind is, it komt út in Nederlânske boarne, net in Ingelsktalige boarne om ien of oare eigenaardige reden. Sa asto seist; Yn tiden fan oarloch is it lestich om neutraal te bliuwen en it earste slachtoffer fan in oarloch is altyd "De wierheid", oan hokker kant wy ek binne. Dus wêrom soene wy ​​alle takomstige ûntjouwings yn 'e Russyske manipulaasje fan' e demokrasy ûnderbrekke? Kinne jo ynsette om it artikel yn in neutrale styl te transformearjen? Mei de oanhâldende oarloch yn Oekraïne leau ik tige dat wy in protte ûntjouwings sille tsjinkomme yn it nea einigjende fascistyske gedrach fan 'e diktator Putin. Brudelman (oerlis) 8 mai 2024, 10.48 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, @Kneppelfreed @Drewes As je hjirre de biezem troch helje dan bliuwt er tink ik gjin op him sels steand artikel oer. Tink dat it better is om dat wat der oerbliuwt yn te foegjen yn in al besteand artikel oer de polityk yn Ruslân. FreyaSport (oerlis) 8 mai 2024, 12.43 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, @Kneppelfreed It stik hie op syn bêst yn de rubryk 'hjoed yn it nijs' kinnen. Ik bin it yn alle opsichten mei Romke iens. 'Fermoedens' hawwe wy neat oan. It is gjin wûnder dat men der neat mear fan heart. Ik bin foar wiskjen. Drewes (oerlis) 8 mai 2024, 16.21 (CEST) --Kneppelfreed (oerlis) 8 mai 2024, 20.49 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra, Drewes, Kneppelfreed, en FreyaSport: Ik slút my by Drewes en Kneppelfreed oan. Los fan 'e ynhâld is dit dúdlik wer in masinefertaling, wat sa'n wartaal opleveret dat ik de boel allinnich mar folgje kin omdat ik it Ingelsk machtich bin en útriddenearje kin wat der yn it Ingelsk stien hat. Allinnich al om 'e taal soe dit artikel folslein op 'e nij skreaun wurde moatte. As de skriuwer it Frysk net better yn 'e macht hat, kin er net oan 'e Fryske Wikipedy bydrage. Fuort dermei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2024, 01.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Dizze brike oersetting giet mear oer Radio Free Europe as oer dy Russyske ynterferinsje, wêr't, as dy al yn de beskreaune foarm bestiet, de ein noch lang net fan yn sicht is. Dat is net by te hâlden. It stikje is op mear projekten op deselde wize delnukt (sjoch de ynterwiki's dy't der no by stean, sjoch ek Special:Contribs/Brudelman en de skiednis fan d:Q125480623). Nearne binne se der wiis mei. Om my mei it ek fuort. Wutsje 9 mai 2024, 03.50 (CEST)[beäntwurdzje]