Nobelpriis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nobelprizen)
Nobelpriis
Nobelpriis medalje
Nobelpriis medalje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk (útsein de Fredespriis)
  Noarsk (allinnich de Fredespriis)
útrikt foar Bydrage dy't de minskheid it grutste foardiel oplevere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, skiekunde, fysiology of genêskunde, literatuer en frede.
útrikt troch Sweedske Akademy fan Wittenskippen (Natuerkunde en skiekunde)
Karolinska Ynstitút (fysiology of genêskunde)
Sweedske Akademy (literatuer)
Noarsk Nobelkomitee (frede)
frekwinsje Jierliks
plak Stockholm, Sweden
Oslo,   Noarwegen
1e útrikking 10 desimber 1901
offisjele webside
Webstee fan The Nobel Foundation

De Nobelpriis is in jierlikse priis foar minsken dy't in opmerklike prestaasje levere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, Skiekunde, Fysiology of Genêskunde, Literatuer en befoardering en behâld fan de Frede. Oan de priis is in net ûnaardich jildbedrach ferbûn mar de erkenning en prestiizje binne foar de measte winners de wichtichste beleaning.

De priis foar de frede is de ienige dy't takend wurdt troch it Noarske regear. De oare priiswinners wurde nominearre troch ferskillende Sweedske universitêre kommisjes.

De priis is by testamintêre beskikking ynsteld troch de tige rike Sweedske yndustrieel Alfred Nobel. De priis waard foar it earste útrikt yn 1901 yn de Alde Muzykakademy fan Stockholm. De priis wurdt sûnt dy tiid op de stjerdei fan Nobel (10 desimber) útrikt troch de Noarske en Sweedske kening.

De jildpriis, tsjintwurdich 10 miljoen Sweedske kroanen (ûng. 1,1 mio euro), is bedoeld foar fierder ûndersyk.

Fierder wurdt sûnt 1968 de priis fan de Sweedske Ryksbank foar Ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel foar ekonomyske wittenskippen takend, dy 't faak ûnterjochte de Nobelpriis foar de Ekonomy neamd wurdt. Dizze lêste priis wurdt subsidiearre troch de Sweedske Sintrale Bank. Famylje fan Alfred Nobel distansjearret him fan dizze ekonomy priis [1]

Takenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De priis foar de Frede wurdt takend troch in komitee fan fiif leden fan it Noarske parlemint (it Nobelkomitee). De oare prizen wurde takend troch ferskate Sweedske wittenskiplike ynstellingen.

Proseduere[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber, tsjin de tiid dat de Nobelprizen bekend makke wurde, start de seleksjeproseduere foar takom jier. Oan wittenskippers oer de hiele wrâld, sa 'n 3000 yn totaal, wurdt frege kandidaten op harren fakgebiet foar te dragen. Fjirders hawwe alle winners út it ferline it rjocht om immen te nominearjen. De list fan kandidaten dy 't dêrút útrint, wurdt fan maart ôf foar advys foarlein oan in tal gesachhawwende ynstituten. Yn septimber wurde dan de karren makke en de útnûgingen foar takom jier ferstjoerd.

Listen mei Nobelpriiswinners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Nobelpriis
Alfred NobelSweedske Sintrale Bank
Karolinska YnstitútSweedske Akademy fan WittenskippenSweedske AkademyNoarsk Nobelkomitee
FredeFysiology of GenêskundeLiteratuerNatuerkundeSkiekunde
(Ekonomy)
wizigje