Marke (organisaasje)

Ut Wikipedy
Kaart út 1866 fan de eardere gemeente Anloo yn Drinte mei noch in tal marken: de Marke fan Schipborg, de Marke fan Annen, de Marke fan Anloo, de Marke dan Gasteren en de Marke fan Aanderen

In marke of boermarke is in âlde organisaasje fan alle boeren yn in doarp (bytiden inkelde doarpen) of boerskip foar it regeljen en hanthavenjen fan de rjochten fan boeren op de grûn. De koater wie neist de eigenierde net of foar in lyts part rjochtige. Marke wie yn Fryslân seldsum trochdat de fjildyndieling en ferkaveling net folle oanlieding joegen foar in strakke mienskiplike organisaasje. Yn Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân waard sa'n organisaasje in miente of mienskar neamd. Ek de begripen boermande of boermanje waarden dêr wol brûkt.[1] Yn Fryslân waarden dy miene grûnen te finen op de eilannen, by de Burgumer Mar en yn de Stellingwerven. Foarbylden yn Grinslân 't Aagt by Eenrum, Twiezel en Twarmt by Appingedam en de garsten yn eastlik Grinslân.

Dêr bestiene ek ferskillen yn markerjochten en -plichten neffens tiid, plak en grûnbesitter en yn de ferhâldings tusken grûneigener en markegenoaten en yn de ferhâldings tusken de markegenoaten ûnderinoar.

De namme marke komt fan it Aldsaksyske marca itjinge grins, ôfskieding en ôffreding betsjut. In Drinte betsjut it ek wol grins of skieding[2] It wurd marke wurdt ek wol brûkt om in doarpsgebiet mei oan te tsjutten. It begryp marke wurdt wolris betiisd mei it Fryske himrik of Grinslânsk/Eastfryske hammerk/hamrik dêr't in doarpsgebiet, benammen it bûtengebiet mei oantsjut wurdt.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Obe Postma - De Friese kleihoeve (1934)
  • D.J.Cuipers - Bydrage foar de Rjochtskiednis fan de mienskiplike doarpsgrûnen yn Eastergoa (1949)
  • A.T.G. Elzebroek, W.G. van den Breukel & J. Striker. Over erven en geërfden. De marken van Spankeren, Soeren, Dieren en Ellecom. Stichting Historisch Onderzoek Zuid-Oost Veluwezoom/Wencel Maresch Journalistieke Producties. 2013. ISBN 978-90-808838-0-2

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Markestelsel en markerecht. Betekenis van deze termen yn Historiek, oproppen op 20 maaie 2024
  2. Gerding, M. & Hillenga, M. (2007). Het Drenthe Boek. Swol: Waanders. {{ISBN|978 90 400 8211 5}
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Marke.