Lady-amherstfazant

Ut Wikipedy
lady-amherstfazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kraachfazanten (Chrysolophus)
soarte
Chrysolophus amherstiae
Leadbeater, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lady-amherstfazant of Lady Amhersts fazant (wittenskiplike namme: Chrysolophus amherstiae) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kraachfazanten (Chrysolophus). Dit bist is lânseigen yn it suden fan Sina en it uterste noarden fan Birma. It is in middelgrutte fûgel dy't in protte seksuele dimorfy fertoand en nau besibbe is oan 'e bekendere goudfazant (Chrysolophus pictus). De IUCN klassifisearret de lady-amherstfazant as net bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lady-amherstfazant komt fan oarsprong foar yn it suden fan Sina, dêr't it ferspriedingsgebiet fan dizze fûgel it noarden fan 'e provinsje Yunnan beslacht, it súdwesten fan Sichuan, it uterste súdeasten fan Tibet en it westen fan Guizhou en Guangxi. Dêropta libbet de lady-amherstfazant ek yn in diel fan it uterste noardeasten fan it oanbuorjende Birma.

In hoanne op 'e rêch sjoen.

De lady-amherstfazant is ferneamd nei lady Sarah Amherst, dy't yn 1828 ferantwurdlik wie foar it de yntroduksje fan dizze fûgel yn Ingelân. Se hold se as sierfûgels op har lângoed yn westlik Bedfordshire. Har buorlju, lykas John Russell, 6e hartoch fan Bedford, begûnen neitiid de lady-amherstfazant ek as jachtwyld te brûken. Ien en oar late ta it ûntstean fan in libbensfetbere eksoatyske populaasje lady-amherstfazanten yn it Feriene Keninkryk. Offisjeel wurdt oannommen dat dy sûnt 2015 útstoarn is, mar yn maaie 2020 waard in lady-amherstfazant fotografearre yn 'e omkriten fan Taunton, yn it Ingelske greefskip Somerset, en yn maart 2021 waard in lady-amherstfazant waarnommen yn in tún yn Skotlân.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lady-amherstfazant hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 100–120 sm, wêrfan't de oerlange sturt wol 80 sm útmakket. It gewicht bedraacht likernôch 730 g.

De lady-amherstfazant fertoant, krekt as oare soarten fazanten, in grutte mjitte fan seksuele dimorfy. De hoanne is tige opfallend en kin mei gjin inkele oare fûgel betize wurde. Syn boarst en rêch binne grien fan in tint dy't sa dûnker is dat it suver wol swart liket, of, by in beskate ljochtfal, dûnkerblau. Yn 'e nekke hat er in wite kraach mei horizontale swarte streekjes, dy't opset wurde kin foar de pronk. De bealch is wyt, de wjukken binne blau en brún en de stuten binne giel. De lange sturt, dy't net funksjoneel is útsein om mei te pronkjen, is grizich wyt mei swarte oerdwerse streekjes en oan 'e sydkanten in pear oranje fearren. De boppekant fan 'e kop is dûnkergrien, mei op 'e efterholle in reade kaam. Om 'e grize eagen hinne sit in wite lel. De snaffel is grizich en de poaten binne blauwich griis.

In hoanne fan deunby besjoen.

De hin fan 'e lady-amherstfazant hat in folle saaiere kleur, dy't lykwols in folle bettere skutkleur is. Dêr hat se ek ferlet fan as se op it nêst sit om 'e aaien út te brieden. Har fearrekleed is brún, fan in dûnkerder tint op 'e rêch en sturt, en ljochter op 'e bealch en kop, mei oerdwerse swarte streekjes op 'e fearren, dy't it silhûet fan 'e fûgel ferbrekke. Dêrtroch is de hin frijwol ûnwaarnimber as dy tsjin in lykkleure eftergrûn stiet en net beweecht.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lady-amherstfazanten libje yn tichte, dûnkere wâlden mei tsjûke ûndergroei.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande it pronkkleed fan 'e hoanne is er yn syn natuerlik habitat dreech gewaar te wurden. De hin, mei har skutkleur, koe dêr suver likegoed wol ûnsichtber wêze. Sadwaande is der hast neat bekend oer it hâlden en dragen fan dizze fûgels yn it wyld.

In hoanne as foliêrefûgel.

Se libje fierhinne op 'e wâldflier, dêr't se oerdeis foerazjearje, mar de nacht bringe se troch yn 'e beammen om feilich te wêzen foar de measte nachtaktive rôfdieren, lykas kateftigen en martereftigen. Har menu is omnivoar en bestiet benammen út sieden, blêden en wringeleas dierte, lykas ynsekten, wjirms, spinnen en tûzenpoaten.

Hoewol't lady-amherstfazanten wol fleane kinne, jouwe se der bot de foarkar oan om geandefoets út te naaien as der gefaar driget. As se oer it mad kommen wurde, kinne se lykwols hommels en mei grutte krêft opfleane, wêrby't it slaan fan 'e wjukken in karakteristyk lûd makket. Yn 'e peartiid uteret de hoanne, om syn territoarium ôf te freedzjen, in rop dy't klinkt as fan metaal op metaal.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lady-amherstfazant hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.