Katharine Kerr

Ut Wikipedy
Katharine Kerr
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Kathryn A. Jordan
echte namme Katharine Nancy Brahtin Kerr
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 oktober 1944
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Britsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, science fiction
bekendste
  wurk(en)
Deverry-syklus
Snare
útjouwer HarperCollins Publishers
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
www.deverry.com

Katharine Kerr (berne as Katharine Nancy Brahtin; Cleveland, 3 oktober 1944) is in Amerikaansk skriuwster fan benammen romans. Har wurk heart foar it meastepart ta it sjenre fan 'e fantasy, al hat se ek inkele science fiction-boeken skreaun. Kerr is it bekendst fan har troch de Keltyske mytology beynfloede Deverry-syklus, dy't spilet yn it fiktive lân Deverry.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kerr waard yn 1944 berne yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio as Katharine Nancy Brahtin. Hja hat har famylje omskreaun as "mear Britsk yn ballingskip as Amerikaansk". Har ûnfermogen om har sekuer oan 'e staveringsregels fan it Amerikaansk-Ingelsk of it Britsk-Ingelsk te hâlden, is neffens har it gefolch fan it feit dat se thús lêzen leard hat mei boeken dy't de Britske stavering oanholden (colour, centre, organisation, gynaecology), wylst se letter op skoalle konfrontearre waard mei de Amerikaanske stavering (color, center, organization, gynecology).

Doe't se noch op skoalle siet, ferfear Kerr mei har âldelju nei Santa Barbara, yn Súdlik Kalifornje, dêr't se fierder opgroeide. Se studearre inkele jierren oan 'e Universiteit fan Stanford, mar briek har stúdzje mids 1960-er jierren ôf. Neitiid hie se ferskate banen, wêrûnder lokettiste op in postkantoar. Yn 1969 ferhuze Kerr nei de Baaikrite fan Noardlik Kalifornje, dêr't se úteinlik yn San Francisco kaam te wenjen. Yn 1973 trof se by tafal wer Howard Kerr, in âlde freon fan harres fan 'e middelbere skoalle. Se krigen in relaasje en trouden noch datselde jiers.

Yn 1979 krige Kerr fan in freon har earste fantasy-rollespul kado. Dat makke by har in fassinaasje wekker foar soksoarte spultsjes en foar fantasy yn it algemien. Kerr begûn artikels te publisearjen yn tydskriften foar rollespullen en wie in tal jierren lang bydragend redaktrise fan Dragon, it blêd fan 'e Dungeons & Dragons-franchise. Ek wurke se mei oan spulmodules foar TSR, Inc. en Chaosium. Kerr wie mei-auteur fan it aventoer Legacy of Blood foar Dungeons & Dragons en ek fan ferskate aventoeren foar it Pendragon-rollespul.

Fan mids 1980-er jierren ôf begûn Kerr har útslutend ta te lizzen op it skriuwen fan har eigen fantasyromans. Har magnum opus is de Deverry-syklus, in lange romansearje wêrfan't se it earste diel yn 1986 publisearre ûnder de titel Daggerspell. Oarspronklik seach Kerr Deverry foar har as in koart ferhaal of in novelle, mar oant en mei 2020 binne der yn it ramt fan dy rige sechstjin romans ferskynd. De Deverry-syklus is sterk beynfloede troch de Keltyske mytology en spilet net yn Jeropa, mar yn in fiktyf lân "oer de see", dêr't de bewenners oan it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne flechte binne foar de opmars fan 'e Romeinske legioenen. Opmerklik is dat de Deverry-syklus skreaun is yn in non-lineêre styl, wêrby't it haadferhaal gauris foar langere tiid ûnderbrutsen wurdt troch flashbacks nei foarfallen dy't desennia of sels iuwen earder bard binne. Kerr makke foar de Deverry-syklus gebrûk fan reynkarnaasje, en by sokke flashbacks giet it om eardere ynkarnaasjes fan har haadpersoanen út it haadferhaal. Fierhinne deselde groep personaazjes belibbet op dy manear yn in wikseljende gearstalling aventoeren, en foarfallen út it ferline hawwe grutte ynfloed op hjoeddeistige ûntjouwings.

Njonken de Deverry-syklus skreau Kerr ek ferskate oare romans en koarte ferhalen, en yn 'e mande mei Martin H. Greenberg fierde hja de redaksje oer de gearstalling fan trije blomlêzings fan koarte ferhalen fan oare auteurs. Wurken fan harres dy't derút springe, binne de Nola O'Grady-romans, in tetralogy yn it subsjenre fan 'e urban fantasy, en de science fiction-roman Snare. Yn dat lêste wurk wurdt in ferhaal ferteld oer trije minsklike beskavings op in planeet dy't ek bewenne wurdt troch in wrâldseigen soarte yntelliginte bûtenierdske wêzens. De foarâlden fan 'e minsken rekken yn it ferline strâne op dy planeet en hawwe in systeem opset om harren neiteam en de wrâldseigen befolking útinoar te hâlden mei regels en leagens. Achthûndert jier letter stoart dat systeem yn en hawwe de lju dy't dan libje der klauwen oan om te ûntdekken wat harren foarâlden dien hawwe en wêrom.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deverry-syklus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1e Akte: Deverry
    • 1986 – Daggerspell
    • 1987 – Darkspell
    • 1989 – Dawnspell (ek: Dawnspell: The Bristling Wood; yn 'e Feriene Steaten útbrocht as The Bristling Wood)
    • 1990 – Dragonspell (ek: Dragonspell: The Southern Sea; yn 'e Feriene Steaten útbrocht as The Dragon Revenant)
  • 2e Akte: The Westlands
    • 1991 – A Time of Exile
    • 1992 – A Time of Omens
    • 1993 – A Time of War (yn 'e Feriene Steaten útbrocht as Days of Blood and Fire)
    • 1994 – A Time of Justice (yn 'e Feriene Steaten útbrocht as Days of Air and Darkness)
  • 3e Akte: The Dragon Mage
    • 1997 – The Red Wyvern
    • 1998 – The Black Raven
    • 2000 – The Fire Dragon
  • 4e Akte: The Silver Wyrm
    • 2006 – The Gold Falcon
    • 2007 – The Spirit Stone
    • 2008 – The Shadow Isle
    • 2009 – The Silver Mage
  • 5e Akte: The Justice War
    • 2020 – Sword of Fire

Oare romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Polar City-duology
    • 1990 – Polar City Blues
    • 2000 – Polar City Nightmare (mei Kate Daniel)
  • The Pinch-rige
    • 1996 – Palace (mei Mark Kreighbaum)
    • (1998 – The Eyes of God: net troch Katharine Kerr, mar troch Mark Kreighbaum, in ferfolch op Palace)
    • 2003 – Snare (troch Katharine Kerr allinnich)
  • Nola O'Grady-tetralogy
    • 2011 – License to Ensorcell
    • 2011 – Water to Burn
    • 2012 – Apocalypse to Go
    • 2012 – Love on the Run
  • The Runemaster-duology
    • 2013 – Sorcerer's Luck
    • 2014 – Sorcerer's Feud
  • op harsels steande romans
    • 1992 – Resurrection
    • 1995 – Freeze Frames
    • 2016 – Flickers (ûnder it pseudonym Kathryn A. Jordan)

Koarte fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blomlêzings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koarte ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1994 – Cui Bono? (yn 'e blomlêzing Alternate Outlaws, u.red.f. Mike Resnick)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.