Jean-Baptiste Charcot

Ut Wikipedy
Jean-Baptiste Charcot
Adelaide-eilân út it westen wei sjoen. Ut Jean Charcot. "El "Pourquoi-Pas?" en el Antártico". Madrid 1921

Jean-Baptiste Charcot (Neuilly-sur-Seine, 15 july 1867 – op see by Yslân, 16 septimber 1936), wie in Frânsk wittenskipper, dokter en poalûndersiker. Syn heit wie de ferneamde neurolooch Jean-Martin Charcot (1825–1893).

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jean-Baptiste Charcot waard beneamd as lieder fan de Frânske Antarktika Ekspedysje fan 1904 oant 1907; mei it skip de Français waard de westkust fan Grahamlân ferkend. De ekspedysje berikte Adelaide Island yn 1905 en naam fot's fan de Palmerarsjipel en de Loubetkust. Fan 1908 oant 1910 folge in oare ekspedysje, mei it skip Pourquoi-Pas, dy't de See fan Bellingshausen en de See fan Amundsen ferkende en Loubetlân, Margueritebaai en Charcoteilân ûntduts, dat lêste waard neamd nei syn heit, Jean-Martin Charcot.[1]

Letter ferkende Jean-Baptiste Charcot Rockall yn 1921 en East-Grienlân en Svalbard fan 1925 oant 1936. Hy stoar yn 1936 doe't de Pourquoi-Pas? in swier waar fergie foar de kust fan Yslân. Ta oantins fan Charcot waard yn 1936 in monumint oprjochte yn Reykjavík, fan byldhouwer Einar Jónsson en noch ien fan Ríkarður Jónsson yn 1952.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haas LF, Jean Martin Charcot (1825–93) and Jean Baptiste Charcot (1867–1936) yn journal=J. Neurol. Neurosurg. Psychiatr. , diel 71, side 524, oktober 2001 en hjir.
  • Le "Pourquoi pas?" dans l'Antarctique 1908–1910, Arthaud, Parys, 1996, ISBN 2-7003-1088-8