Jan Olde Riekerink

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Jan Olde Riekerink
persoanlike bysûnderheden
namme Jan Olde Riekerink
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 22 febrewaris 1963
berteplak Hengelo
jeugdteams
-1983
1983-1986
VV Zwijndrecht
Sparta Rotterdam
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1986-1990
1990-1991
1991-1993
flagge fan Nederlân Sparta Rotterdam
flagge fan Nederlân Dordrecht '90
flagge fan Nederlân Telstar
70(5)
23(1)
34(0)
trainer by
1995-2000
2000-2002
2002-2003
2003-2005
2005-2006
2006-2007
2007-2011
2011-2014
2014-2015
2015-2016
2016-2017
2018-2019
2019-2021
2023-
flagge fan Nederlân Ajax (Jeugd)
flagge fan Nederlân Jong Ajax
flagge fan Belgje AA Gent
flagge fan Nederlân FC Emmen
flagge fan Portegal FC Porto (assistint trener)
flagge fan Oekraïne Metallurg Donetsk (assistint trener)flagge fan Nederlân Ajax (Jeugd)
Sina -20
Sina -16
flagge fan Turkije Galatasaray (jeugd)
flagge fan Turkije Galatasaray
flagge fan Nederlân SC It Hearrenfean
flagge fan Súd-Afrika Cape Town City
flagge fan Yndoneezje Dewa United

Jan Olde Riekerink (Hengelo, 22 febrewaris 1963) is in Nederlânsk fuotbaltrainer en eardere fuotballer. Sûnt 1 fan 2018 oant 2019 wie hy haadtrainer fan SC It Hearrenfean.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As fuotballer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olde Riekerink spile yn 'e jeugd by VV Zwijndrecht en Sparta Rotterdam, wylst hy studearre oan de Haachske Akademy foar Lichaamlike Opfieding. Doe't er 23 jier wie, like it derop dat er net by Sparta bliuwe mocht. Mar nei't earst syn broer Edwin Olde Riekerink nei FC Grins gie en dêrnei Danny Blind ferkocht waard oan AFC Ajax, bea de klup him dochs in kontrakt oan. Yn datselde jier makke hy syn debút, ûnder coach Barry Hughes, yn in wedstriid tsjin PSV.[1]

Nei't er fiif jier ûnder kontrakt stien hie by de Rotterdamske klup, ferhuze er nei FC Dordrecht yn de earste difyzje. Telstar folge in jier letter. Yn 1993 sleat er syn karriêre as fuotballer ôf.

As trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Ajax-jeugd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Olde Riekerink bleau aktyf yn 't fuotbal en yn 1995 waard er jeugdtrainer by AFC Ajax. Hy trainde ferskate jeugdploegen fan de Amsterdammers, foar't er haadtrainer waard fan Jong Ajax. Mei dy ploech waard Olde Riekerink beloftekampioen fan Nederlân. In seizoen letter, 2001/2002, pakte de ploech wer de titel. Boppedat soargen Olde Riekerink en Jong Ajax dat jier foar in stunt, troch as belofteploech de heale finale fan de KNVB-beker te heljen. Dêryn wie FC Utert lykwols te sterk nei strafskoppen. Nei ôfrin fan it seizoen waard Olde Riekerink coach fan AA Gent út Belgje.

De wrâld oer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in oantal jierren by AA Gent, FC Emmen, FC Porto en Metallurg Donetsk, gie Olde Riekerink werom nei Amsterdam yn 2007 as haad fan de jeugdoplieding fan Ajax. Hy folge John van den Brom op. Olde Riekerink bleau dêr wurkjen oant 2011, wêrnei't er opfolge waard troch Wim Jonk. Dat wie it gefolch fan de 'fluwielen revolúsje' ûnder lieding fan Johan Cruijff .

Dêrnei krige Olde Riekerink yn Sina de lieding oer it jeugdfuotbal. Dêrnjonken waard er yn it lân coach fan de olympyske ploech.

Earste priis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olde Riekerink waard op 17 febrewaris 2016 beneamd as haad jeugdoplieding fan Galatasaray SK. Nei't de klup trainer Mustafa Denizli op 16 maart 2016 fuortstjoerde, naam Olde Riekerink syn posysje foar it rest fan it seizoen oer op ynterim-basis. Hy einige mei Galatasaray mar op it sechsde plak yn de Süper Lig, mar op 26 maaie 2016 wûn er wol de Turkske nasjonale beker, troch yn de finale mei 1-0 te winnen fan Fenerbahçe SK. Dat wie de earste priis foar Olde Riekerink as haadtrainer op it heechste nivo. Galatasaray beneamde him úteinlik yn juny 2016 as haadtrainer. Dat bleau er oant er yn febrewaris 2017 dien krige. Galatasaray stie op dat stuit tredde yn de Süper Lig. Olde Riekerink waard opfolge troch de Kroaat Igor Tudor.

SC It Hearrenfean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei yngong fan it seizoen 2018/2019 is Olde Riekerink trainer fan SC It Hearrenfean. Hy hat dêr in kontrakt foar twa jier tekene. Olde Riekerink wûn by syn offisjele debút foar It Fean mei 2-3 fan PEC Zwolle. Hy waard lykwols al op 10 april 2019 by SC It Hearrenfean op non-aktyf set.

Earelist as trainer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei flagge fan Nederlân Jong Ajax

  • Beloften Earedifyzje: 2000/01, 2001/02

Mei flagge fan Turkije Galatasaray SK

  • Turkske beker: 2015/16
  • Turkske supercup: 2016

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schellebeek, L. (1986) - Jan Olde Riekerink wil niet eeuwig Edwins broer blijven. Utjouwerij Het Vrije Volk