Eekwert

Ut Wikipedy
Eekwert
polityk
Gemeente Súdwest-Fryslân
Stêd Boalsert

Eekwert is in wenwyk yn de Fryske stêd Boalsert. De wyk wurdt rûchwei begrinzge yn it westen troch de Ljouwerter Feart, yn it noarden troch de Keapman Heereswei en Ugoleane, yn it easten troch de feart de Dobbe en yn it suden troch de stedsgrêft.

Wyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk bestiet út twa dielen: Eekwert I en Eekwert II, dy't troch de Eekwerterleane skaat wurde. Eekwert I is it westlike part en waard ynde 1970-er jierren boud. Dat part bestie ynearsten út korporaasjewenten, dochs bestiet hjoed-de-dei út likefolle hier- as keapwenten. De wyk bestiet út benammen dûbelwenten mei in nustje frijsteande wenten oan 'e râne. Der is in grut gersfjild mei beammen, dêr't boartersark foar de pleatslike bern yn fêstige is, oan de kant fan de Ljouwerter Feart.

Eekwert II waard yn de 1980-er jierren boud en waard opset yn 'e foarm fan wenhiemen. Yn dizze wyk binne benammen ek dûbelwenten, mar waard rom opset. Der binne ferskate boartersfjilden. Fierders binne der yn it part fan 'e wyk 2 basisskoallen en sporthal De Middelsee fêstige.

De wyk hat mei de buert Altenburch in eigen buertferiening: WKV De Middelsee.

Terp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eekwert wie ek in delsetting op in terp dy't doe eastlik fan de stêd lei. De namme komt ek foar as Grut Equard (pleats), Equerd, Echwerdt en Ecquert. Tsjintwurdich is it in pleats dy't midden yn 'e wyk De Fûgelkrite stiet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert
Buerten:
AltenburchBinnenstêdEekwertDe FûgelkriteHartwerter FeartHollandiabuertParkplanNoardSúd
Buorskip:
Laerd en Saerd
wizigje