Dörscheid

Ut Wikipedy
Dörscheid
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
ferbânsgemeente Loreley
Sifers
Ynwennertal 399 (2022)[1]
Oerflak 8,64 km²
Hichte 340 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 56348
Koördinaten 50° 6' N 7° 45' E
Offisjele webside
dörscheid.de
Kaart
Dörscheid (Rynlân-Palts)
Dörscheid

Dörscheid is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Lahn-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Loreley, wêrfan't Sankt Goarshausen it haadplak is.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dörscheid leit yn 'e westlike Hintertaunus oan 'e rjochter kant fan 'e Ryn en op in hichte fan 340 m boppe seenivo. De Ryn sels streamt op 750 m ôfstân it doarp foarby. De Loreley leit himelsbreed likernôch 4 km fierder. By Dörscheid hearre ek de delsettings Grube Kreuzberg, Urbachsmühle en it wyngoed Sonnenhang. Fierder heart by it doarpsgebied oan 'e oare kant fan 'e Tiefenbach de eksklave Kreuzwald, dat tusken Weisel en it Hessyske Ransel leit.

Ien km súd fan Dörscheid leit Kaub, Weisel leit trije km fierder eastlik en nei Bornich binne it twa km himelsbreed nei it noarden ta. Fanwegen it Dörscheider gemeentebosk eastlik fan Weisel grinzget it plak ek oan Lipporn en Lorch.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protestantske tsjerke fan Dörscheid.

De protestantske tsjerke fan it doarp datearret fan 'e earste helte fan 'e 14e iuw. It boppediel fan de toer is 19e-iuwsk.

Yn 'e noardwestlike hoeke fan it doarpsgebiet lizze tichteby de Ryn de resten fan it nea foltôge kastiel Herzogenstein, ek Rheineck neamd. Fan it út de 14e iuw datearjende midsiuwske kastiel binne allinne noch resten fan in toer en wat muorren oerbleaun. De ruïne is frij tagonklik en leit oan 'e Rheinsteig, in kuierroete fan Bonn nei Wiesbaden, dy't foar in grut part by de Mittelrhein lâns giet.

Om 't Dörscheid oan 'e Rheinsteig leit wurdt it plak ek in soad troch toeristen besocht. Op meardere plakken biedt de omjouwing moaie útsichten op 'e Hunsrück en de rest fan 'e ferbânsgemeente. De 349 hege "Schwedenschanze" by Dörscheid biedt útsjoch op 34 plakken op 'e Hunsrück, de Taunus en de Ryndelling.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: