Boeing 377 Stratocruiser

Ut Wikipedy
Boeing 377 Stratocruiser


Rol Ferkearsfleantúch
Makker Boeing Commercial Airplanes
Earste flecht 8 july 1947
Yn tsjinst 1 april 1949 by Panam
Ut tsjinst 1963
Tal makke 56 (mei 1 prototype)
Grutste brûker Pan American World Airways
Farianten Pregnant Guppy, Super Guppy, Mini Guppy
Ynterieur fan de kabine (mei koaien)

De Boeing 377 Stratocruiser wie in grutte lange-ôfstâns ferkearsfleanmasine dy't ûntwikkele waard út de militêre frachtfleanmasine C-97 Stratofreighter, dy't wer ôflaat wie fan de B-29 Superfortress. It ûntwerp wie modern yn dy tiid. Sa hie it tastel twa passazjiersdekken en in drukkabine, in betreklik nij ferskynsel by ferkearsfleantugen yn dy tiid. De Stratocruiser hie plak foar oant 100 passazjiers op it grutte dek en plak foar 14 op it salondek dêr ûnder.

De Stratocruiser wie grutter as de Douglas DC-6 en de Lockheed Constellation, dêr't er mei konkurrearje moast, en wie ek djoerder yn gebrûk. Hy wie bekend om syn goede prestaasjes, de grutte kapasiteit en de lúkse kabine, mar syn betrouberens foel tsjin, fral fanwege swierrichheden mei de fjouwer 28-sylinder Pratt & Whitney Wasp Major radiaalmotors en harren fjouwerblêdige propellers. Der waarden mar 55 Model 377s boud foar loftfeartmaatskippijen.

Needlâning fan Pan-Am flecht 6

Meiïoar 13 tastellen giene by ûngemakken ferlern, wêrby't tusken 1951 en 1970 totaal 140 deaden foelen.

Brûkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferslach fan de earste besite fan de Boeing Stratocruiser oan Skiphol yn 1949
flagge fan Ekwador
flagge fan Israel
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan de Feriene Steaten
flagge fan Fenezuëla
flagge fan Denemark Flagge fan Sweden flagge fan Noarwegen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]