Alfred Salten

Ut Wikipedy

Alfred Salten (Devau, 23 juny 1914 - Grins, 11 augustus 1994), wie in orkestlieder. Alfred Salten is de skûlnamme fan Alfred Salomon. Hy wie mei yngong fan 21 novimber 1951 naturalisearre neffens de Staatscourant.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alfred Salomon wie in soan fan Friderike Kaufmann en Louis Salomon. Hy troude yn 1947 mei de Weenske dûnseres by Steatsopera Margarete Helene Futterknecht. [1]

Al mei fiif jier begûn er mei pianiolessen. Hy koe fanwegen syn jonge jierren nei de legere skoalle net nei it konservatoarium; hy gie nei it gymnasium. Wol naam er priveeles by in konservatoariumdosint, joech er resitals op skoalle en late it skoalorkest. Hy oerwage fierder te gean mei piano, mar seach yn dat er dêrfoar te lytse hannen hie, dat it waard direksje.

Alfred Salden studearre piano by Rudolf Winkler, harmony en komposysje by Conrad Ansorge en orkestdireksje by Hermann Scherchen. Yn 1932 waard er Kapelmeister-élève by it Stadttheater Königsberg.

It nazi-bewâld makke yn 1933 in ein oan syn karriêre. Hy flechte nei Nederlân. Op 19-jierrige leeftyd krige er in oanstelling as twadde dirigint by de Fritz Hirsch-Operette yn De Haach. Boppedat late hy as gastdirigint diverse konserten foar de KRO. Oan dit wurk kaam in ein troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1941 ferhuze er nei Utert, dûkte ûnder, mar kearde yn 1945 werom nei De Haach.
Nei de Twadde Wrâldoarloch pakte hy de tried wer op, no by it Scala Theaterorkest yn Den Haag. Der folge in perioade as dirigint / komponist by de filmmaatskippij Strengholt. Der folgen oanstellingen by de Haadstêd Operette en Italiaanske Opera yn Amsterdam, dêr 't er ek wenje soe. Underwylst besocht er konserten om de diriginten te besjen en te folgjen, ûnder oare Jan Out yn Arnhem. Yn 1951 besocht er nei it beheljen fan it steatseksamen wer in fêste oanstelling te krijen, it eksamen waard ôflein mei Het Gelders Orkest yn Symfonie nr. 4 fan Gustav Mahler. Der folgen oanstellingen by de Hoofdstad Operette en Italiaanske Opera yn Amsterdam, dêr 't er ek wenje soe. Underwylst besocht er konserten om de diriginten te besjen en te folgjen, ûnder oare Jan Out yn Arnhem. Yn 1951 besocht er nei it beheljen fan it steatseksamen wer in fêste oanstelling te krijen, it eksamen waard ôflein mei Het Gelders Orkest yn Symfony nr. 4 fan Gustav Mahler.

Fan 1952 ôf wie syn bekendheid sa grut dat er mei fertsjinsten fan gastdireksjes, ûnder oare by konserten fan it Residinsje Orkest, troch de tiid komme koe. Fia fia kaam er sa terjochte by it Nederlands Reisopera en it Frysk Orkest. Hy soe der dirigearje tusken 1955 (as opfolger fan de ferstoarne Kor Ket) en 1969 (opfolge troch Libor Pešek; syn oanstelling dêr wie lanlik nijs. Hy kaam te wenjen oan de Engelsestrjitte 56 yn Ljouwert. Hy makke de ombou fan amateur-oant beropsorkest en navenante groei fan 44 oant 62 musisy mei. Al de lêste jierren fan dat tiidrek moast er him geregeld ferfange litte troch twadde dirigint Jo Diederen. It orkest soe him fuortstimd hawwe mei't se him te perfeksjonistysk fûne; hysels spruts fan in 'mislearre houlik'. Fierder bemuoide er him mei de Ljouwerter Bach Feriening. Al dy jierren wie er ek dosint direksje oan de konservatoaria fan Grins, Ynskedee en Swol. Yn 1979 gie er der mei pinsjoen.

Salten wie dosint fan Rob Smit, Gerard Wiarda en John Damsma.

Wurk fan him is it Halbertsma-deklamatoarium fan Ype Poortinga (1958). Syn bekendste wurk, dat noch faak útfierd wurdt, is Musica per una festa foar orkest. Theun de Vries frege him om muzyk foar de harkspulsearje Stiefmoeder Aarde.

Salten ferstoar yn de âldens fan 80 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: